Fryske Krite Bûtenpost 

Bêste toanielfreonen,

Jubileumútfieringen Kritetoaniel Bûtenpost.

Op 24 maart 2012 bestiet it Kritetoaniel op’e kop ôf 90 jier.   Alle reden om de flagge út te stekken en mei hiele moaie produksjes foar de dei te kommen. De jongerein hat al op in bysûndere wize de ôftraap dien fan it jubileumjier 2012. Hja hienen in soad súkses mei harren Wâldkeninginne yn jannewaris. Op sneontejûn 17 maart, 20.00 oere, en op sneintemiddei 25 maart, 15.30 oere, spilet de “âlderein” it stik “Twa” (Two) fan Jim Cartwright yn in Fryske oersetting fan Romke Toering. Tryater hat yn it ferline in soad súkses hân mei it stik. Wienen it doe Jan Arendz en Klaasje Postma dy’t tegearre alle rollen  spilen, Twa dus, no binne der in lytse 20 man/frou yn tou.

Koarte ynhâld.                                                                                                                                                                            It stik spilet oan de taap fan in doarpsherberch earne op it Fryske plattelân. Ornaris is it in rêstich kafee mei gemiddeld sa'n seis, sân klanten. Drokte is der mei de jierlikse toanieljûnen en fansels mei de merkedagen. Freed- en sneontejûn wurdt der oanstutsen troch de jongerein, dy't nei tsienen syn heil fierderop siket. Mar der binne ek jûnen dat de doar al om healwei tsienen op slot giet. Jûn is it lykwols ûnferwacht tige drok. It rint de kastlein en it kastleinske Klaas en Jantsje van der Zee-Sikkema suver wat oer de fûst.

Kaartferkeap.  

Leden, hja ha rjocht op twa kaarten, kinne fan sneon 3 maart  ôf kaarten keapje, wylst fan sneon 10 maart ôf ek net-leden kaarten besette kinne. De spyldata binne sneontejûn 17 maart  en sneintemiddei 25 maart. Mochten der nei de foarferkeap noch kaarten beskikber wêze, dan binne dy op de jûn of middei fan de útfiering oan de seal te keap.

Italiaansk Buffet.

Nei ôfrin fan de útfiering fan sneintemiddei 25 maart stiet der dus foar de leafhawwer fan ite oer

de grins wer in Italiaansk Buffet op it program. Wa’t dielnimme wol oan dizze iterij kin hjir foar in

kaart besette by Hedera Blommen. De tagong foar it buffet is 15 euro de man/frou. Oant uterlik

woansdei 21 maart kinne dizze kaarten helle wurde.

 

De rolferdieling:

Klaas van der Zee                       Lourens de Zee

Jantsje van der Zee-Sikkema      Frouke Holtrop

Sjonny Roosjen                           Andre de Zee

Anita Boonstra                            Iris Kloosterman

Jet Ledinja                                  Bianca Wiersma

Kees Jaarsma                             Reinold Paauw

Monica Brauw                             Rita Wijnsma

Harke Hoekstra                          Okko Jan Pietersma

Faiky de Jong                             Amarens de Vries

Wullum Ferwerda                       Remco de Poel

Gerke van Elst                            Foppe de Vries

Tryn van Elst                               Sjoukje Wiersma

Maaike de Groot                         Bianca Wiersma

Pieter Sybren de Haas                Lieuwe Paauw jr.

De Haas                                      Reinold Paauw

 

Rezjy                    Tineke Broers

Ynstekster            Gryt de Poel

Grime                    Diete Paauw

Lûd en Ljocht        Ruurd Holtrop en Sieger de Vries

Dekor                    Harrie Nieuwenhuis, Foppe de Vries,
                             Menze Stiksma en Oeds van der Ploeg

Fryske Krite Bûtenpost syket jong talint..!!

Sa as jim sjen kinne is der in soad te sjen en te lêzen op dizze side. Wy sille besykje om de side sa goed mooglik by te hâlden mar as jimme oanfollings hawwe dan hearre en sjogge wy it graach. Under it kopke reaksjes kinne jimme fan alles kwyt; reaksjes oer de stikken, oer de side of oer oare saken dy't jimme kwyt wolle. Stadichoan sil der mear op de side komme dus jim kinne sa no en dan wêr efkes op de side sjen en dan sille jim wêr neie dingen ûntdekke. Sa besykje wy ek âlde saken te finen dy't wy graach yn de Alde Doaze sette wolle. Mei oare wurden, as jimme aardige âlde foto's, ferhalen of anekdoates witte, dan sjogge wy dy graach ferskinen en wy sette se op ús eigen webside.

Wy hoopje dat jimme in soad wille oan dizze side belibje sille.
Groetnis,
It bestjoer

Groepsfoto van het stuk "Twa", dat wordt gespeeld op 17 en 25 maart 2012.

Sponsors:

 

Woonexpo Kapenga

the point